Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van Moard yn 'e hite hei
 

Moard yn 'e hite hei

Meindert Bylsma

Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol. Diel 1, Allegearre snie, ferskynde yn 2015. Ek yn dit boek toant Bylsma him wer in boeiend ferteller, mei each foar detail en in humoristyske ynslach.

new

Al verkrijgbaar vanaf € 16,50.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 16,50 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van Moard yn tsjerke
 

Moard yn tsjerke

De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ’e grêfkelder dy’t ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein...

€ 16,50
Meer info

 
Afbeelding van Allegearre snie
 

Allegearre snie

De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr't er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan 'e klup. Bareld is meastal op 'e tiid, mar diskear is er frij...

€ 17,50
Meer info

Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen
Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen