Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van Allegearre snie
 

Allegearre snie

Meindert Bylsma

De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr't er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan 'e klup. Bareld is meastal op 'e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom. It wurdt in plysjesaak. De resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen wurde op 'e saak set. Se kinne as de blommen en wurde op it buro dan ek 'de Blomkes' neamd. Der komt in hiel ferburgen libben oan it ljocht en, al filosofearjend, sa't de gewoante is fan 'de Blomkes', komme se ta ferrassende ûntdekkingen. In fermaaklike misdiedroman.

new

Al verkrijgbaar vanaf € 17,50.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 17,50 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van Moard yn 'e hite hei
 

Moard yn 'e hite hei

Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein....

€ 16,50
Meer info

 
Afbeelding van Moard yn tsjerke
 

Moard yn tsjerke

De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ’e grêfkelder dy’t ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein...

€ 16,50
Meer info

Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen
Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen