Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van Skearing en Ynslach
 

Skearing en Ynslach

Bouke van der Hem

Yn dit boek Skearing en Ynslach wurdt by biten en brokken benammen it opgroeien fan boeresoan Reinder Beetstra yn Fryslân beskreaun, syn wederwarichheden yn militêre tsjinst, it studintelibben yn Grins en de fersuterjende relaasje mei jeugdfreon Sipke. Mar ek fierderop sil it misrinne: as ‘sociaal bewogen makelaar’ yn Nij-Seelân, wêrfan’t er úteinlik rillegau en sûnder frou weromkomt. Goed en wol wer thús op âlde grûn falt dat him no ek ôf. Fryslân is net langer wat it wie, syn bewûndere mem ferstoar, mar boppe-al ferkrommelje syn idealen, fan doarpslibben oant en mei sosjalisme. Wat by dat alles grif meispilet, is de heabroei-brân by de Beetstra’s doe’t Reinder yn novimber 1956 noch in jong baaske wie. Mei de wittenskip fan no hat hy dêr in stress-syndroom fan oerholden. Bouke van der Hem (Tersoal, 1946) wurke jierrenlang as jurist/mediator yn Grins, wennet no yn Castricum. Hy debutearre yn 2002 mei de roman Sloppe Opels en fan him ferskynden dêrnei It Poadiumbeest, Stille Tochten en yn 2010 De Fuery. Hy siet yn de redaksje fan kultureel tydskrift De Moanne en skreau dêrfoar benammen kollums.

new

Al verkrijgbaar vanaf € 18,50.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 18,50 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van It Poadiumbeest
 
€ 16,99
Meer info

Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen
Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen