Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van Frisum Trilogy
 

Frisum Trilogy

Hilda Talsma

Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Dit boek is geskikt foar in breed publyk: meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Hilda Talsma nimt de lêzer mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp lykas safolle oare doarpen yn Fryslân. De minsken...

new

Al verkrijgbaar vanaf € 24,50.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 24,50 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van Brekber
 

Brekber

Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy't se al har hiele libben kin en dêr't se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as...

€ 22,50
Meer info

 
Afbeelding van De Onnie's en it hynstebal
 

De Onnie's en it hynstebal

It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt...

€ 21,50
Meer info

 
Afbeelding van De Onniefariant
 

De Onniefariant

It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn ’e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op ’e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies...

€ 21,50
Meer info

Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen
Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen