Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van Famke famke
 

Famke famke

Ale S. van Zandbergen

Aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lêst Couperus - yn 2012 - en tinkt nei oer wat se lêzen hat, dreamt har in bettere wrâld. Se wennet mei har heit op 'e Pôle, tegearre allinnich 'in the middle of nowhere'. By Haije Alkema, har learaar Nederlânsk, hat Aam in fin mear as in bears. Haije hat yn trije desennia net sa'n treflike learling hân. Oant koartlyn hat er har mentor west, mar har begeliede dat slagget langer net as it lesjaan him jimmer swierder falt, as in labilens him oppenearret, as it ferline him ta ferantwurding ropt... Yn 1973 hat er op it ferkennende paad fan de iere leafde in fatale misstap makke; dy faze yn syn libben hie er weistoppe, mar dan is dêr ynienen Lisabel, dy't, doe't se santjin wienen, wol wat mei him ha woe... wat mislearre fanwegen Saapke, in hynstefamke dat wat rûkte, en Erasmus lies, meiprate koe oer keunst, Haije syn passy neist literatuer, doe ek al... en syn oandacht krige. Famke famke is in meinimmende en yntrigearjende psychologyske roman, in ferhaal dat him geandewei ûwikkelet yn de twa tiidslagen dêr't de lêzer Haije folget yn syn dwaan en foaral ek tinken; yn de even haadstikken, as Haije as santjinjierrige syn fleislike lusten útwierret, allegeduerigen, obsessyf omtrint; en yn de ûneven haadstikken,...

new

Al verkrijgbaar vanaf € 22,50.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 22,50 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van Littenser Merke
 

Littenser Merke

Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de...

€ 22,50
Meer info

Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen
Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen