Blaadjes.nl
 

 
Afbeelding van En it hie sa moai wêze kinnen
 

En it hie sa moai wêze kinnen

Durk van der Ploeg

‘It wie in ûngemak. Se is fallen, of net goed wurden. Nee. Nee. Der barde wat. Ja, wat is der bard? Do hast it net sjoen. Wiest dan op it hiem? Stiest njonken de dobbe doe’tst har heardest? Rôp se? Hat se in gjalp jûn? Of stiest by it hjid dehok? Ik soe in mannich planken fêsthuffe. Faaks ha ’k yn ’e steich tusken de droech - loadsen stien. Heardest noch dat se de doar tusken it gonkje en de loads tichtsloech. Of wie dat de miggedoar? As Baef nachts nei ’t hús ke moast, heardest ek altyd sa’n klets. Ik skrok my bytiden dea. Krekt wit ik it net, mar der sloech wat. En doe dy gjalp. Of wie ik op Stad Niks om iten foar de geit? Hast neat heard. Se wie al kâld doe’tst har fûnst. It triedsjeread, dat har sa sûn troch de wangen floeide, waard al blau, tsjin ’t swarte oan. Do hast it net dien. Do kinst it net dien ha. Do wiest efter yn ’e klyn dolten, yn it fjild. Of dochs net? Wêr wie ik? Hiest earst de plysje warskôgje moat ten. Of by de Brúnsma-jonges dokter belje. Mar koest net by har wei. En do wiest hjir allinne mei har.’ Ut: De winter komt ‘De winter komt’ is it ferhaal oer Brand, in man op jierren. As er syn frou dea fynt yn ’e loads, fertizet er yn fragen dy’t er himsels stelt. Wannear’t it net ta antwurden komt, beslút er har yn ’t...

new

Al verkrijgbaar vanaf € 19,90.

Aanbieder Prijs  
1 nummer voor € 19,90 Bestellen

Ook interessant

 
Afbeelding van In fauna fan ingels
 

In fauna fan ingels

De haadpersoan yn dizze roman is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast. Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn...

€ 24,50
Meer info

 
Afbeelding van Wet fan de eleminten
 

Wet fan de eleminten

In dramatysk ferhaal oer Sjierd en Sander, manlju dy’t troch de froulju wolris byinoar oer de flier komme. Sjierd is baas fan in boubedriuw. Sander wurket as learaar. Freonen sille it net wurde. Yn ’e eagen fan Sjierd is Sander in suertsje. Dat wol...

€ 18,95
Meer info

Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen
Bol.com AlgemeenBol.com Algemeen